Marcel Keizer: 'niet benaderd'

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Marcel Keizer ûntkent dat hy troch Cambuur benadere is om Alfons Arts op te folgjen as trainer. De namme fan Keizer, dy't no trainer is by Telstar en yn it ferline spile foar Cambuur, wurdt wol in protte neamd yn it geruchtesirkwy. 'Ik heb geen contact gehad met Cambuur', seit Keizer yn in reaksje. Ek Dwight Lodeweges en Jan van Dijk litte yn in reaksje witte dat se gjin kandidaat binne.
Fan de fjouwer kandidaten dy't Cambuur hat, bliuwe nei dizze wike noch twa trainers oer dêr't in twadde petear mei folget.