Plan Tinga mei net fan fakbûn

22 jan 2013 - 14:09

De fakbûnen ha har mei súkses ferset tsjin it plan fan Tinga Doarren yn Winsum om wurknimmers 14 fakânsjedagen ynleverje te litten. De direksje hie de minsken kieze litten tusken it ynleverjen fan fakânsjedagen en ûntslach, om sa wurk te hâlden. Mar de fakbûnen wiene dêr lilk oer. De direksje hat it plan doe wer ynlutsen. Tinga is in dochterbedriuw fan de Doorwingroep, dêr't it fallite De Vries kezinen fan De Gordyk ek by hearde. Nei dat fallisemint waard sein dat oare dochterbedriuwen fan Doorwin út de problemen wiene.

Mar dat is neffens it fakbûn CNV net wier

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)