Riders noch net nei Weissensee

© AW foto.nl / Naomi Schlager
Reedrydbûn KNSB hat maratonriders frege 2 dagen langer yn Nederlân te bliuwen as pland. It peleton soe eins woansdei rjochting Eastenryk foar wedstriden op de Weissensee, mar troch it natoeriis yn Nederlân is der ûnrêst ûntstien.
Wedstriden op de Weissensee binne no twa dagen útsteld yn de hope dat der yn ús lân noch maratons op natoeriis organisearre wurde sille. Op dit stuit stiet der noch neat op it programma, mar de KNSB hopet dat dat binnen no en twa dagen wol barre sil.
De BAM-ploech fan Jillert Anema hat al besletten pas sneon rjochting Eastenryk te gean.