Nij museum by Lauwerseach

22 jan 2013 - 11:38

By de haven fan Lauwerseach komt in nij museum foar maritime keunst mei de namme Eb en Vloed. It is in inisjatyf fan Thom Mercuur, earder direkteur fan museum Belvédère. De keunst dy't te sjen wêze sil, komt foaral út de priveekolleksje fan Mercuur. It nije museum krijt de foarm fan in paviljoen. It sil tusken de 3 en 4 miljoen kostje en wurdt benammen finansierd troch de provinsje Grinslân. Yn 2014 giet it iepen. It museum Eb en Vloed is in ûntwerp fan Gunnar Daan, Gert Jan Slagter en Thom Mercuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)