Betinking eksekúsje yn Dokkum

22 jan 2013 - 10:03
  • Monumint Dokkum

Yn Dokkum wurde tiisdeitemoarn 20 finzenen betocht dy't op 22 jannewaris 1945 troch de Dútsers fusillearre binne. By de jierlikse betinking binne ek diskear wer learlingen fan it Dockinga College belutsen. In tal fan har leit in krâns by it monumint oan de Woudweg yn Dokkum. De tweintich finzenen kamen út finzenissen yn Ljouwert en Grins. Se waarden deasketten as wraak op in oanslach troch it ferset by De Falom. Dêrby kamen twa Dútske soldaten om it libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)