2014 goed jier feanheabistje

29 jun 2014 - 10:49
  • It feanheabistje fielt him thús yn it Fochtelerfean

2014 wurdt in rekôrjier foar it seldsume feanheabistje yn it Fochtelerfean. Dat docht bliken út tellingen fan in frijwilliger fan Natuermonuminten. It feanheabistje is in lytse brune flinter dy't yn Europa kwalik noch foarkomt, mar yn it Fochtelerfean nimt er yn oantal ta.

By de lêste telling wie der in pyk fan 540 feanheabistjes en dat is in rekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)