'Rêdingskosten net ferhelje'

21 jan 2013 - 20:48

De kosten fan in rêdingsoperaasje fan minsken dy't troch it iis sakke binne, kinne net op dy minsken ferhelle wurde. Dat seit Frans Stabel, kommandant fan de brânwacht yn Súdwest-Fryslân en Littenseradiel.

Stabel reagearret op útspraken fan Jan Oostenbrug, foarsitter fan it Frysk IIsbûn. Dy fynt dat minsken dy't harren op te tin iis weagje en dertroch sakje sels de kosten mar betelje moatte. Stabel seit dat it ferheljen fan de kosten gjin opsje is. Hy wol wol sjen nei mooglikheden om in iisferbod yn te stellen foar bûtenwetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)