Tafaller troch btw

In finansjele tafaller foar grutte projekten yn Fryslân. It ôfskaffen fan de btw-regeling foar oerheden giet net troch. Dat betsjut dat se de btw dy't al betelle is, gewoan weromfreegje kinne.
Foar in gemeente as Ljouwert dy't tal fan grutte bouprojekten te rinnen hat, skeelt dat al gau miljoenen euro's. Hoe grut oft de tafaller krekt is, is noch net dúdlik. It ryk sil al besunigje op de btw-maatregel.