E'Stellingwerf wol Fair Trade

21 jan 2013 - 20:20

De gemeente Eaststellingwerf wol ynsette op it beheljen fan it sertifikaat Fair Trade-gemeente. Dêrfoar is moandei in wurkgroep yn it libben roppen. It wichtichste doel fan de wurkgroep is om minsken yn de gemeente bewuster te meitsjen fan earlike hannel.

De groep sil ûnder oare yn kaart bringe hoefolle Fair Trade-produkten oft der op dit stuit yn Eaststellingwerf ferkocht wurde. De titel Fair Trade-gemeente komt oarspronklik út Grut-Brittannië. Yn Nederlân hawwe no 29 gemeenten dy titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)