Jild foar flechtlingeprojekt

21 jan 2013 - 19:56

Flechtlingewurk Noard-Nederlân krijt goed 50.000 euro fan it Oranjefûns foar de VoorleesExpress. Yn dat projekt krije 180 gesinnen in heal jier lang alle wiken in frijwilliger fan Flechtlingewurk op besite. Dy frijwilliger lêst de bern fan it gesin foar. Alden en oare famyljeleden wurde by it foarlêzen belutsen, om sa de tradysje nei it projekt trochgean te litten.

Neist in foarlêsfrijwilliger krije de gesinnen ek in abonnemint op in bibleteek yn de buert. It projekt set yn febrewaris útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)