'Meitsje brânkranen sniefrij''

Brânkraan
De brânwacht Skarsterlân ropt ynwenners fan de gemeente op om brânkranen yn de eigen strjitte skjin te meitsjen. It giet dan benammen om it iis- en sniefrij meitsjen fan de kranen.
Yn winterske tiden is it wichtich foar de brânwacht om gau by de wetterfoarsjenning te kinnen. As der dan snie of iis op leit, soarget dat foar fertraging. Minsken dy't witte wolle wêr't de brânkranen yn de strjitte krekt sitte, kinne op de webside fan de brânwacht Skarsterlân sjen.