Snieskowers drok oan it wurk

21 jan 2013 - 14:53
  • Snieskower

Rykswettersteat en Provinsjale Wettersteat binne yn Fryslân mei hûnderten skoweinen op de dyk om de snie derôf te krijen en glêdens safolle mooglik foar te kommen. Mar ek de gemeentlike diken moatte skjin wêze. De gemeente struit en skoot de trochgeande rûtes in pear kear deis. Yn wenwiken wurdt net struid of skood, dat dêr bliuwt de snie lizzen.

De gemeente besjocht de waarsfoarwachting 24 oeren foarút en giet troch mei de bestriding fan 'e glêdens salang't dat nedich is.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat de measte diken fan alle Nederlânske gemeenten om skjin te hâlden: mei-elkoar mear as 1100 kilometer. Sûnt sneintejûn hawwe sy oan ien stik troch 22 strui- en sko-auto's op de dyk. It wurk wurdt dien troch minsken dy't oars altyd yn de grienfoarsjenning, op jiskeweinen en mei faaiweinen oan it wurk binne. Sy draaie no wurkdagen fan tolve oeren om de diken berydber te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)