Krityk fakbûnen op Jorritsma

21 jan 2013 - 14:28

Fakbûnen FNV en CNV binne min te sprekken oer de wize hoe't it Boalserter boubedriuw Jorritsma in tal wurknimmers op strjitte set hat. It bedriuw joech yn it ôfrûne healjier 21 minsken dien. Neffens de fakbûnen binne dy yn it foar net ynljochte oer de ûntslaggen. Dat is tsjin de ôfspraken. Fierders soene wurknimmers fan Jorritsma ûnder druk set wêze om ûntslachoerienkomsten te tekenjen.

Petearen tusken de fakbûnen en Jorritsma hawwe noch neat opsmiten.

Direkteur Feenstra hat syn ekskuses oanbean, mar dat is foar de bûnen net genôch. Sy fine dat de ûntslaggen fan tafel moatte en wolle dan fierder prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)