'Bedriging' Vaatstra ferjierre

21 jan 2013 - 13:23
  • Guido Klabbers

Justysje docht neat mei de oanjefte fan âld-direkteur Guido Klabbers fan Flechtelingewurk Ljouwert. Dy seit dat er yn 1999 mei de dea bedrige is troch Bauke Vaatstra, nei't er in ynstjoerd stik skreaun hie oer de hate tsjin asylsikers yn Noardeast-Fryslân.

Doe hat Klabbers wol melding makke fan bedriging, mar dêrby net de namme fan Vaatstra neamd. Sneon sei er yn De Volkskrant dat er de stim fan Vaatstra herkend hat. Bedriging is nei seis jier ferjierre. Dêrom wurdt de oanjefte net yn behanneling naam en net ûndersocht.

Klabbers hie freed dochs noch oanjefte dien fan 'e bedriging fan doe. Hy is lilk dat Vaatstra ynkoarten de Machiavellipriis kriget foar syn ynspannings om de moard op syn dochter yn de belangstelling te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)