Struisâlt genôch, seit Frisia

21 jan 2013 - 12:35

Der is op dit stuit struisâlt genôch om dit winterke troch te kommen. Sâltprodusinten lykas Frisia yn Harns hawwe leard fan de ôfrûne jierren. Doe wie der in pear kear te min sâlt. Yn de bunkers fan Rykswettersteat leit 150.000 ton sâlt en dat is genôch foar goed in wike struien.

Frisia hat him ek goed taret. Der leit op twa plakken 70.000 ton. Mar as de winter lang oanhâldt, binne de reserves samar fuort, want der giet op in dei 20.000 ton sâlt oer de diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)