Trije ynbraken yn Ljouwert

21 jan 2013 - 11:47

De plysje ûndersiket trije wenningynbraken yn Ljouwert. De ynbrekkers kamen ien kear ek echt yn 'e hús. Yn de beide oare gefallen slagge dat net. Sneintemiddei is besocht yn te brekken yn in hûs oan de Aggemastate. De bewenster wie boppe en hearde dat de foardoar stikkenmakke waard. De ynbrekkers binne nei alle gedachten fan skrik útnaaid.

Letter dyselde jûn waard by in wente oan de Eestrjitte ek in doar stikkenmakke. Dêr waard de ynbrekker trappearre troch in buertbewenner.

Sneintenacht ûntdutsen bewenners fan in hûs oan de Waling Dijkstrastrjitte dat de foardoar iepenstie. De hiele ûnderferdjipping wie trochsocht. Der is yn alle gefallen in tabletkompjûter meinaam. Alle trije bewenners hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)