27 Oanridings troch snie

21 jan 2013 - 10:56

De snie en de glêdens hawwe moandei 27 ûngelokken feroarsake. By oanridings yn Ferwert en Damwâld rekken auto's yn it wetter. De ynsittenden koene sûnder ferwûnings út de auto weikomme. Yn alle oare gefallen wie allinnich sprake fan blikskea. Oan 'e ein fan de spits is op de Wâldwei by Oerterp in frachtauto omkypt. Hy blokkearret de oprit nei de A7 foar it grutste part. It oare ferkear kin der noch krekt del en dat soarget foar opûnthâld. De sjauffeur fan de frachtauto kaam mei de skrik frij.

By alle ûngelokken wie der inkeld blikskea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)