Lêst troch winterwaar falt ta

21 jan 2013 - 10:13
  • Stadich ride op de autodyk by Sint Nyk

It ferkear op de Fryske diken hat moandeitemoarn minder lêst hân fan it winterwaar as ferwachte. Snein waard koade oranje ôfjûn foar de moarnsspits, mar grutte problemen hawwe der der eins net west.

Provinsjale en Rykswettersteat binne betiid begûn te struien en te skowen. It like derop dat de measte minsken goed rekken hâlden mei de omstannichheden. Hjir en dêr hawwe wol wat lytse ûngelokjes west, mar foar safier't no bekend is binne dêrby gjin ferwûnen fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)