17 IIsslachtoffers yn MCL

21 jan 2013 - 09:35

Sikehús MCL yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein net in hiel soad iisslachtoffers te ferwurkjen krige. Tusken freed en sneintejûn melden harren mei-elkoar santjin minsken mei ferwûnings troch it reedriden.

De measte slachtoffers hiene de pols stikken. Fierders kamen der minsken binnen mei ferwûnings oan it skouder en ien persoan hie in harsenskodding. Sneon waard ek noch in slachtoffer binnenbrocht dat troch it iis sakke wie en ûnderkuolle.

Trefwurden: 
MCL iisslachtoffers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)