2013 bêste flintersimmer

19 aug 2013 - 07:39
  • ikepaazje

De simmer fan 2013 is de bêste flintersimmer sûnt 2000. Dat blykt út sifers fan it Landelijk Meetnet Vlinders fan De Vlinderstichting. De kâlde winter en lette maitiid soargen dat blommen en strûken pas let yn 'e bloei kamen. Dêrtroch wie der in soad iten foar de flinters yn de simmer. It oantal flinters is heger as yn 2003 en 2006, doe't wy ek in waarme simmer hiene.

De simmer fan 2013 mei foar de flinters dan in goed jier west hawwe, dochs litte de sifers fan de lânlike telling sjen dat de flinterstân sûnt 1990 stadichoan efterút rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)