Fertraging troch winterwaar

In Arrivabus yn it winterwaar © ANP
It winterwaar soarget net foar grutte problemen yn it iepenbier ferfier. Troch in wikselstoaring moandeitemoarn ride op it stuit gjin sneltreinen tusken Ljouwert en Grins, mar de stoptreinen ride wol. Dy binne troch it útfallen fan de sneltrein wol folle drokker. Arriva besiket dêr wat oan te dwaan troch of ekstra treinstellen of bussen yn te setten.
It busferfier hat wol lêst fan de snie, der binne hjir en dêr wat fertragings, mar grutte problemen jout it winterwaar noch net.