Wüst twadde op 1000 meter

20 jan 2013 - 21:33

Ireen Wüst moast yn Calgary op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriid mar ien frou foargean litte. Krekt as sneon wie Heather Richardson net te hâlden. Se wie wol stadiger as in dei earder, mar de 1.13.30 makke wol yndruk. Wüst waard twadde yn 1.13.89, mar 0.06 boppe har Nederlânsk rekôr. Margot Boer waard fiifde yn 1.14.40 en Marrit Leenstra sechsde yn 1.14.56.

By de manlju wûn Hein Otterspeer de 1000 meter yn 1.07.76, in persoanlik rekôr. Shani Davis, de winner fan sneon, waard twadde yn 1.07.83 en Samuel Schwarz tredde yn 1.07.85.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker Calgary
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)