Ekstreem waar op komst

20 jan 2013 - 17:51

Waarman Piet Paulusma warskôget foar ekstreem waar. Fan fannacht oant moarnier falt der oeral yn de provinsje snie. It giet om sa'n 6 sintimeter. Mei de hurde eastewyn fan krêft 6/7 is de kâns grut dat der sniedunen ûntstean.

It westlike part fan 'e provinsje sil nei alle gedachten de measte snie krije. De buien wurde ôfwiksele mei droege perioaden en sa giet it troch oant en mei moandeitemiddei. De waarman warskôget minsken net samar it iis op te gean. Troch de sniefal is net te sjen oft it iis fertroud is.

It KNMI hat foar Fryslân en de oare noardlike provinsjes in warskôging foar ekstreem waar útroppen, de saneamde 'koade oranje'. Itselde jildt foar Noard-Hollân, Flevolân en Gelderlân.

Trefwurden: 
snie ekstreem waar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)