Wedstriid Emmen-Cambuur ôfsein

20 jan 2013 - 17:46
  • SC Cambuur

Cambuur komt moandei 21 jannewaris net yn aksje tsjin Emmen. De wedstriid dy't moandeijûn spile wurde soe, is ôfsein. It fjild yn Drinte is troch de foarst ûnbespylber wurden. Boppedat wurdt der in dik pak snie ferwachte.

Emmen-Cambuur waard op 7 desimber foarich jier ek al ôfsein, lykas de wedstriid by Fortuna Sittard ôfrûne freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)