Bobsliders net yn top 10 by EK

20 jan 2013 - 15:03
  • De bobslydploech

De Nederlânske fjouwermansbob mei de Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek is snein trettjinde wurden by it EK bobslydzjen yn it Eastenrykske Igls. In teloarstellende prestaasje, ferline jier waard it fjouwertal noch sânde. De Dútser Maximilian Arndt prolongearre yn Eastenryk syn Europeeske titel.

Yn de twamansbob einige Jansma sneon tegearre mei stjoerman Edwin van Calker as 20e. De titel by de twamansbob gong nei it Switserske duo Beat Hefti en Thomas Lamparter. Jansma en Van Calker einigje yn it EK-klassemint as achttjinde.

Oer in wike is it WK yn St. Moritz, dêr't sawol de twamâns- as de fjouwermânsbob yn aksje komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)