Gerald Aukes pakt Europa Cup

De kuorballers fan Koog Zaandijk ha sneon ûnder lieding fan trainer Gerald Aukes de Europa Cup kuorbal 2013 wûn. Yn Boedapest wie de ploech fan de Grouster trainer yn de finale mei 20-18 te sterk foar de Belgyske kampioen Boeckenberg.
By rêst stie der in knappe 13-6 foarsprong op it boerd. Yn de twadde helte kamen de Belgen lykwols goed werom en waard it publyk traktearre op in spannende slotfaze. Uteinlik luts de ploech fan Aukes oan it langste ein.
Woansdeitejûn mei de Europeesk kampioen it opnimme yn eigen hal tsjin LDODK, de âld-ploech fan Gerald Aukes. De wedstriid yn Koog aan de Zaan begjint om 20.30 oere.