Skopt en slein yn snackbar

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat sneon op It Hearrenfean twa manlju oanhâlden, omdat se in 49-jierrige man út dat plak mishannele hiene. Dat barde yn in kafetaria op It Hearrenfean. De plysje krige in melding oer fjochterij. It die bliken dat it slachtoffer troch twa manlju skopt en slein wie.
Tsjûgen wiisden in 25-jierrige man fan Skarsterbrêge en in 28-jierrige man fan Sint Nyk oan as dieder. Dy binne oanhâlden en ynsletten foar fierder ûndersyk. Dat moat dúdlik meitsje wat der bard is en wêrom. De plysje siket tsjûgen fan 'e mishanneling.