'Skriuwers moatte de boer op'

Skriuwers fan Fryske boeken moatte folle minder ôfhinklik wurde fan subsydzjes. Dat seit foarsitter Koos Tiemersma fan It Skriuwersboun yn syn nijjiersstaspraak. De lêste jierren hat it regear bot besunige op keunst en kultuer. Dat is yn Fryslân ek goed te fernimmen. Tiemersma ropt Fryske skriuwers op om de boeken safolle mooglik sels te promoatsjen yn de takomst.
Lang net alle Fryske skriuwers binne it mei Tiemersma iens. Sa seit berneboekeskriuwster Anny de Jong dat reklamemeitsjen in taak fan de útjouwer is.
De nijjiersresepsje fan It skriuwersbûn wie ôfrûne sneon yn kafee Wouters yn Ljouwert.