Wer Snitser winst op Peelpush

19 jan 2013 - 23:46

De follybalfroulju fan Snits ha krekt as it ôfrûne wykein wûn fan Peelpush. Ofrûne snein waard de útwedstriid yn Meijel troch Snitser froulju mei 3-1 wûn, no waard it 3-0 yn de Snitser sporthal. Yn de earste set moast in efterstân goedmakke wurde. Doe't dat slagge, it waard 28-25 foar Snits, gong it krekt wat makliker. De twadde en tredde set waarden dêrnei yn winst omsetten: 25-20 en 25-19. Snits stiet no mei Weert op 32 punten út 15 wedstriden, achter koprinner Sliedrecht Sport mei 40 út 15.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)