Aris ferliest rom fan Leiden

19 jan 2013 - 22:33

Aris Ljouwert makke it Leiden, de nûmer twa yn de kompetysje, krekt net dreech genôch. Yn it sporthal It Kealledykje rûnen de gasten fan 10-10 út nei in 20-10 foarsprong. Yn it twadde kwart makken beide ploegen 24 punten, dat by it skoft wie it 44-34 foar Leiden. Aris kaam sa no en dan tichteby, mar Leiden wie tûk mei de frije ballen. Yn it lêste kwart waard it ferskil dúdlik. Leiden gong mei in romme oerwinning fan 93-72 werom yn de bus.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)