Marrit Leenstra fiifde op 1000

19 jan 2013 - 22:10
  • Marrit Leenstra

Marrit Leenstra einige fan de Nederlânske froulju mei in fiifde plak it heechste op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary. De Wikselse ried 1.14.15. Ireen Wüst waard sechsde mei 1.14.24 en Margot Boer yn 1.14.62 achtste. It geweld kaam út Amearika en Kanada. Heather Richardson wûn yn 1.13.09, foar Christine Nesbitt yn 1.13.67 en Brittany Bowe yn 1.13.92. Amearika op ien en trije, dêrtusken Kanada.

By de manlju wûn de Amerikaan Shani Davis de 1000 meter yn 1.07.49. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.07.64, Michel Mulder tredde yn 1.07.87.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)