9 IIsslachtoffers nei sikehûs
By it Antoniussikehûs yn Snits binne sneon njoggen iisslachtoffers binnenbrocht. De measten hawwe in stikkene pols of heupe. Ien slachtoffer moast nei de intensive care. It giet om de frou dy't earder dy dei by Goaiïngaryp troch it iis sakke wie.
Freed waarden ek al tsien iisslachtoffers by it Antoniussikehûs binnenbrocht.