Kimswertse mei harddrugs

19 jan 2013 - 15:43

Yn Zwolle is sneontenacht in 35-jierrige frou út Kimswert oanhâlden omdat se harddrugs by har hie. Se waard oanhâlden op de Burgemeester Drijbersingel. De plysje miende dat se dronken hie, mar it die bliken dat se ûnder ynfloed fan drugs wie.

Op it plysjeburo waard yn har tas in brún buiske mei guod fûn, in doaske blauwe pillen en in pear spuiten. De plysje lit noch útsykje om watfoar drugs it giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)