Rêdingsaksje by Goaiïngaryp

19 jan 2013 - 14:49

Op de Snitsermar by Goaiïngaryp is sneon opnij in reedrydster troch it iis sakke en troch de helptsjinsten út it wek helle. It giet om in 46-jierrige frou út Ederveen. It is de tredde dei op rige dat grut útrukt wurde moat om minsken út it iiskâlde wetter te heljen. Tongersdei sakke Rollman fan Suwâld op de Grutte Wielen troch it iis en juster gie in 83-jierrige reedrider op de Langwarder Wielen dertroch.

De reedrydster dy't by Goaiïngaryp rêden waard, is mei de traumahelikopter ôffierd. It liket wol ridlik te gean mei de frou.

De frou wie in kilometer út de wâl doe't se deryn sakke. Se is derút helle troch famyljeleden. De brânwacht koe der net bykomme. De helptsjinsten rukten manmachtich út foar de rêdingsaksje. Twa ploegen dûkers fan de brânwacht giene derhinne, mar ek de ploegen fan Langwar en de trije blusgroepen fan De Jouwer kamen del om assistinsje te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)