Fries nei foarronde Eurovisie

19 jan 2013 - 13:48
  • Falco Landeau en Sytze Verbeek

De Eastenrykske skylearaar Falco Luneau dy't sûnt 2009 yn it Fryske Easterein wennet, docht foar syn heitelân mei oan de foarrondes fan it Eurovisie Songfestival. Falco syn mem komt oarspronklik út Nederlân. Syn beppe is yn Fryslân berne. Troch de leafde kaam Falco nei Fryslân ta. Syn freondinne melde de amateur-sjonger oan foar it Radio 538-talintefestival Demoduel, dat er wûn. Yntusken hat er twa singles útbrocht dy't in ridlik súkses hiene.

Ta syn grutte ferrassing waard er útnoege foar de foarrondes op 15 febrewaris yn Wenen.

As de Fryske Eastenriker de foarronde wint, sil er it yn maaie fan dit jier yn it Sweedske Malmö ûnder oaren opnimme moatte tsjin de Nederlânske sjongeres Anouk. Luneau wurdt yn de foarronde ûnder oare begelaat troch Sytze Verbeek op piano.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)