"Bûtenwetter libbensgefaarlik"

19 jan 2013 - 11:45
  • Rollman betanket ien fan syn rêders út Ljouwert
  • Warskôging om net it iis op te gean
  • Man troch iis

De man dy't tongersdei troch it iis sakke op de Grutte Wielen by Ljouwert, warskôget elkenien dat it iis op it bûtenwetter ferryflik en libbensgefaarlik is. Jurjen Rollman fan Suwâld wie tongersdei te rinnen doe't er in kloft riders op de Wielen seach. Hy naam oan dat it iis it wol hâlde soe en besleat doe oer it iis fierder te kuierjen. Midden op de Wielen sakke er dertroch. Omdat it iis om him hinne mar oardel oant twa sintimeter dik wie, wie it in hiele toer om derút te kommen. De man waard ûnderkuolle nei it MCL ôffierd.

Fysyk hat Rollman der net folle oan oerhâlden, mar hy is tige oandien troch it foarfal en troch it manmachtich besykjen fan alle riders om him út it iiskâlde wetter te rêden. Hy ropt elkenien op fan it bûtenwetter fuort te bliuwen, omdat de oanwêzigens fan reedriders de yndruk jout dat it iis sterk is.

Rollman is gjin funksjonaris fan 'e iiswegesintrale, sa't op guon nijssites meld waard. Hy wol graach yn kontakt komme mei syn rêders. Dy kinne mei Omrop Fryslân belje om syn telefoannûmer te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)