Skriuwer seit Akademy op

Frysk skriuwer Josse de Haan út Frânsk Baskelân hat nei 38 jier betanke as stiper fan de Fryske Akademy. De Akademy docht neffens him al jierren neat mear oan literatuerûndersyk. De Haan fynt dat nuver, want literatuerûndersyk heart neffens him ta de kearntaken fan de Fryske Akademy. De Haan hat oer de saak in brief skreaun nei fyftjin oare skriuwers. Dy meitsje harren dêr drok om, seit er.
It Frysk Skriuwersboun hat ek in protestbrief nei de Akademy stjoerd.