Oanjefte tsjin Bauke Vaatstra

19 jan 2013 - 09:24
  • Guido Klabbers
  • Bauke Vaatstra, heit Marianne Vaatstra

De eardere direkteur fan Vluchtelingenwerk Ljouwert seit dat er mei de dea bedrige is troch Bauke Vaatstra. Hy hat freed oanjefte dien fan bedriging. Guido Klabbers seit yn De Volkskrant dat er nei in ynstjoerd stik yn de krante oer de rellen yn Kollum nei de moard op Marianne in anonym tillefoantsje krige fan in beller dy't er oan de stim herkende as Bauke Vaatstra. Fanwege dy bedrigings fan trettjin jier ferlyn is Klabbers lilk oer de útrikking fan de Machiavellipriis oan Vaatstra op 12 febrewaris.

Ynkoarten kriget Vaatstra de priis foar de wize hoe't hy de moard op syn dochter yn de oandacht hâlden hat.

Bauke Vaatstra seit yn in reaksje tsjin Omrop Fryslân noch nea fan Guido Klabbers heard te hawwen. Hy ûntkent dat er him bedrige hat. Nettsjinsteande alle opskuor giet de oerlanging fan 'e Machiavellipriis wol troch, sa hat de organisearjende stichting sneon bekendmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)