2012 min jier foar aptekers

28 des 2012 - 18:49

De Fryske aptekers ha noch gjin kontrakt foar 2013 mei soarchfersekerders as De Friesland. Om te foarkommen dat de pasjinten nije wike de medisinen kontant betelje moatte, hawwe de partijen ôfpraat dat it âlde kontrakt noch in moanne trochrint.

De ûnderhannelings tusken aptekers en soarchfersekerders wurde net maklik. De aptekers hawwe yn 2012 bot ynlevere en besunige. Sy wolle no in bettere marzje op de medisinen. De aptekers binne ek net mear ree om priisferhegings fan medisinen foar eigen rekken te nimmen.

Dat risiko heart by de fersekerder en net by de apteker, fynt apteker Hans Schuurman fan Snits. De beropsferiening foar aptekers KNMP bepleitet in oare wize fan beleanning foar aptekers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)