NK koartebaan op De Lemmer

18 jan 2013 - 19:46

Op De Lemmer is moandei it NK koartebaan foar manlju. Oan de nasjonale titelstriid oer 160 meter docht ek Jesper Hospes mei. Hy wûn it NK yn 2010 en 2012. Om't der yn 2011 gjin wedstriid wie is de man fan It Hearrenfean al trije jier regearend Nederlânsk kampioen.

Ofrûne wike wie er op de koartebaanriderijen fan Steggerda en Bantegea de sterkste. Op it NK wurdt riden op tiid. Yn de finale bliuwe de bêste fjouwer oer. Dy treffe inoar allegear ien kear. De winner fan alle trije ritten is kampioen. Slagget dat net dan telt de bêste totaaltiid.

De froulju ride in dei letter, op tiisdei 22 jannewaris, it NK koartebaan yn it Grinzer Alteveer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)