Mark Uth makket debút

18 jan 2013 - 15:15

Mark Uth makket sneon yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo syn debút foar SC Hearrenfean. Uth spilet omdat kluptopskoarer Alfred Finnbogason in ankelblessuere hat. De oanfaller út Yslân sukkelet al langer mei syn ankel en moast de lêste training oan him foarby gean litte.

Mark Uth kaam oan it begjin fan dit seizoen mei hege ferwachtings oer fan Köln. Neffens Marco van Basten binne Alfred Finnbogason en Mark Uth fergelykber. "Beiden zijn koel, kopsterk en goed in de counter."

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)