Basisskoalle Twizel moat ticht

Iepenbiere basisskoalle de Lytse Wiman yn Twizel moat slute. De skoalle hat minder as 23 learlingen en krijt dêrtroch gjin jild mear fan it Ryk. Hoe't it komt mei de learlingen en it ûnderwizend personiel is noch net dúdlik.
De gemeente lit ûndersykje oft der gearwurke wurde kin mei de oare skoalle yn Twizel, De Oanrin. De petearen dêroer ferrinne goed, mar it is noch te betiid om te sizzen dat de Lytse Wiman fierder giet mei De Oanrin.