Pech foar iisklup De Pein

18 jan 2013 - 12:14

De iisferiening fan De Pein hat dikke pech; it wetter is ûnder harren iisbaan fuortrûn en doe't sy tongersdeitejûn dy baan wer reparearje woene, fleach de pleats fan in bestjoerslid neist de iisbaan yn de brân.

Trijedûbele pech ek om't kommende sneon it nije hok fan de klup iepene wurde soe. Dat giet no net troch en op de iisbaan wurdt no net mear riden, want de ferwachte froast om it iis wer op sterkte te krijen, kaam net. Foar it bestjoer fan de feriening freegje de gefolgen fan de brân no ek mear omtinken as de kwaliteit fan it iis.

Trefwurden: 
iisbaan De Pein pech
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)