Dei-opfang Zienn iepen

Nachtopfang Zienn © Google Street View
De dei-opfang fan opfangorganisaasje Zienn oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert is dit wykein iepen fanwege de kjeld.
Sûnt ferline wike jildt de winterregeling yn de nachtopfang fan Zienn. Dêr is it drok, it tal minsken dat dêr nachts sliept leit om de fyftich hinne. Der is ekstra personiel foar ynset. De dei-opfang is sneon en snein fan alve oere ôf iepen.