NVJ bliid mei oername NDC

Journalistefakbûn NVJ is bliid dat der lang om let dúdlikheid is oer de takomst fan de NDC Mediagroep. Tongersdei waard bekend dat de útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden oernaam wurdt troch in konsortsjum fan de ideële stiftingen Je Maintiendrai en FB Oranjewoud en ING Bank. De NVJ is ynnaam mei it feit dat de stiftingen ûnderdiel fan binne fan it konsortsjum. Dy beseffe dat de kranten kultureel erfguod binne en net geane foar hege winsten.
Hokker plannen de oernamepartij krekt hat is noch net bekend.
Mar de kâns is grut dat der in reorganisaasje komt wêrby't ek banen ferlern geane. De NDC Mediagroep hat 750 meiwurkers yn tsjinst en stie sûnt begjin 2012 te keap om't memmebedriuw NDC/VBK in skuld fan 180 miljoen euro by de bank hat.