Tocht Jan Durkspolder ôfsein

18 jan 2013 - 11:09

De earste toertocht fan Fryslân op natueriis giet foarearst net troch. De IIswegensintrale Smellingerlân hat freed it iis yn de Jan Durkspolder by Earnewâld ôfkeurd; it is net dik genôch. Al liede dat wol dat diskusje binnen de IIswegensintrale, want de fraach is at de je de iisdikte noarm foar bûtenwetter hjir wol brûke moatte.

It wetter yn de polder is heechút 30 sentimeter djip. Dêrom woene guon leden fan de sintrale de tocht trochgean litte mei de beheining dat der mar 3000 minsken oan meidwaan koene, mar úteinlik foel it beslút oars út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)