Tekst fûn yn Planetarium

18 jan 2013 - 10:39

De opknapbeurt fan it Planetarium yn Frjentsjer is dien. It wurk is sûnder problemen ferrûn. It radarwurk is útinoar helle, skjinmakke, smard en bysteld. Fierder is it plafond himmele en troch in restauraasjeskilder bywurke.

By it wurk is in ûnbekende tekst foar it ljocht kaam. Op de achterkant fan in kamrêd stiet 'hersteld 1898 J. Hemmes'. Dizze Hemmes wurke doedestiids yn Frjentsjer as klokmakker. Famylje fan Eise Eisinga dy't it Planetarium yn 1898 behearden, hawwe him nei alle gedachten opdracht jûn wat wurk oan it Planetarium te dwaan.

Trefwurden: 
Frjentsjer Planetarium
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)