Betinking alvestêdetocht 1963

18 jan 2013 - 07:07

Omrop Fryslân stiet freed stil by de alvestêdetocht fan 18 jannewaris 1963, dizze dei fyftich jier lyn. Dy tocht stiet bekend as de swierste ea. De waarsomstannichheden wiene swier en it iis wie hiel min. Fan de goed 6.000 dielnimmers helle doe mar 1 persint de einstreek yn Ljouwert.

Op de radio prate we mei riders fan de tocht fan doe en we dogge ferslach fan de reüny, yn it reedridersmuseum yn Hylpen. Yn Need op Freed binne ek riders te gast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)