Grutte opkomst yn Easterwâlde

17 jan 2013 - 23:06

Sa'n sechtich ynwenners fan Easterwâlde binne tongersdetejûn bypraat oer it ûndersyk nei de deadlike sjitpartij fan foarige wike yn it doarp. De minsken koene yn it gemeentehûs fragen stelle oan boargemaster Oosterman en oan de plysje. Foar de minsken dy't der ferlet fan hawwe is der ek slachtofferhelp oanbean. Fierders ropt de bewennerskommisje Oosterwolde-Noord op om de kommende tiid foaral alert te wêzen yn de wyk. As buertbewenners saken sjogge dy't se net fertrouwe is it advys om dat sa gau as mooglik troch te jaan oan de plysje.

Trefwurden: 
sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)