Joost Wiersma wol sportseal ha

17 jan 2013 - 22:23
  • Fanfare Joost Wiersma

It ferieningslibben yn Jistrum stiet ûnder druk. It hjoeddeistige ûnderkommen, Hotel Phoenix, stiet te keap. Boppedat wol de gemeente Tytsjerksteradiel de sportseal yn it doarp ek kwyt yn ferbân mei besunigings. Dêrom wol Stichting Joost Wiersma sportseal De Ynset oernimme, want de muzykferiening siket oefenromte.

De stichting wol graach dat de gemeente meibetellet oan de eksploitaasje. Der binne noch gjin konkrete bedragen neamd. Toch tinkt de Stichting Joost Wiersma dat de ferbouwing nei de simmer los kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)